Plysje: 'Fan wa is dit guod?'

01 apr 2014 - 16:14
  • Plysje

De plysje yn Swolle siket de eigeners fan guod dat ôfkomstich is fan ynbraken yn huzen en garaazjeboksen. It guod waard de ôfrûne jierren stellen yn it noarden en easten fan it lân.

It giet ûnder oare om 200 doazen mei hamster- en kanarjefretten en om inkele tsientallen muzykrollen foar in pianola of draaioargel. Mear ynformaasje is te finen op de webside fan de plysje. It guod is yn beslach naam nei de oanhâlding fan in fertochte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)