Plysje: ek dieven op frijmerk

30 apr 2011 - 10:55
  • De frijmerk lûkt neffens de plysje ek 'bûsehifkers'

Plysje Fryslân warskôget minsken dy't der op keninginnedei op út binne dat der ek dieven op 'en paad binne. Dy binne út op de beurzen fan besikers fan frijmerken en oare aktiviteiten.

De meldkeamer fan Plysje Fryslân wiist minsken der ûnder oare op Twitter op dat ynbrekkers witte dat in soad minsken op keninginnedei net thús binne en dat it dêrom sneon ekstra wichtich is om alle doarren en ruten goed ticht en op slot te dwaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)