Plysje drok mei gebietsferbod

01 sep 2011 - 10:10

De Ljouwerter (28) dy't al in gebietsferbod hat, is woansdeitenacht wer beboete. Hy is de lêste wiken al 15 kear oanhâlden om't er it gebietsferbod skeinde. Hy mei net yn de Ljouwerter binnenstêd komme om't er dêr struktureel oerlêst feroarsaket.

De man rûn woansdeitenacht dronken oer de Foarstreek en socht dêr rúzje. Hy hat bekeuringen krigen foar iepenbiere dronkenskip en dat er drank mei hie. It gebietsferbod foar feroarsakers fan oerlêst kostet de plysje in soad tiid.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)