Plysje Drachten trappearret brânstofdieven

14 mrt 2016 - 09:55

De plysje fan Drachten hat dit wykein twa brânstofdieven oppakt. In tsjûge seach it duo op de Skoalstrjitte by in auto. Dêr hellen se mei in slang en in flesse brânstof út in parkearde auto. De tsjûge skille de plysje en joech it kenteken fan de auto en in sinjalemint troch. De plysje koe de fertochten op de HBS-strjitte yn Drachten oanhâlde.

It giet om twa Drachtsters fan 18 en 19 jier. De flesse mei stellen brânstof lei yn de auto. De 76-jierrige eigener die oanjefte tsjin it duo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)