Plysje Drachten mear de wyk yn

28 nov 2002 - 00:00

De wykagint krijt mear tiid yn Drachten. Distriktssjef De Jong hat dat woansdei by de iepening fan in nije plysjepost yn Noard-East Drachten sein. Troch de roasters effisjinter te meitsjen krijt de plysje mear tiid om de wyk yn te gean.

Doel is mear kontakt mei de buert en tichter by de bewenners stean om sa it feilichheidsgefoel te fergrutsjen. Takom jier maart moat de nije wurkwize by de Drachtster plysje begjinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)