Plysje Drachten hâldt scooterriders oan

17 okt 2015 - 08:34
  • Plysje

De plysje yn Drachten hat yn de nacht fan freed op sneon twa scooterriders oanhâlden. In 24-jierrige man út Beetstersweach waard op de Suderdwersfeart oan de kant set om't hy ried sûnder rydbewiis. Hy ried mei in passazjier achterop. Der is proses-ferbaal tsjin de Sweachster opmakke. In 26-jierrige Drachtster waard op de Súdkade oan de kant set om't hy mei drank op ried. It Iepenbier Ministearje sil de saak ôfhannelje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)