Plysje docht ynfal by himpteler yn Damwâld

23 mrt 2016 - 14:01

De plysje hat woansdeitemoarn in 47-jierrige man út Damwâld oanhâlden by in ynfal yn syn hûs oan de Haadwei. De man wurdt fertocht fan grutskalige himpteelt en it wytwaskjen fan jild. De plysje hat syn boekhâlding en administraasje yn beslach naam foar fierder ûndersyk. Dêrneist binne yn it ramt fan de 'pluk-ze-regeling' trije oanhingweinen, in jetsky en twa bedriuwsauto's yn beslach naam.

De oanhâlding past yn in grut ûndersyk nei de himphannel, dat sûnt ein ferline jier rint. De plysje die yn febrewaris ynfallen yn ferskate gebouwen en loadsen yn Ljouwert en Dronryp. Doe waarden fjoerwapens fûn. Mear oanhâldings wurde net útsletten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)