Plysje docht ûndersyk nei fjochterij by Cambuur-Feyenoord

27 aug 2015 - 12:06

De plysje siket tsjûgen fan ûngeregeldheden by en nei de wedstriid fan SC Cambuur tsjin Feyenoord, heal augustus. Wylst de fuotbalwedstriid noch oan de gong wie, binne Cambuursupporters neffens de plysje fan de Noardtribune ôf nei de Westtribune gong. Dêr sochten se de konfrontaasje mei de Feyenoord-fans.

Ek waard in meiwurker fan Cambuur tsjin de grûn wurke. De plysje en minsken fan de klup hawwe in ein oan de fjochterij makke. Nei ôfrin gong it lykwols wer mis. In groep Cambuur-oanhingers hat de útsupporters op de Archipelwei opwachte.

Dêrby binne twa auto's skansearre rekke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)