Plysje docht opnij ynfallen by loadsen Ljouwert mei himp

11 feb 2016 - 10:40

De plysje hat woansdei opnij ynfallen dien yn ferskate gebouwen en loadsen yn Ljouwert yn ferbân mei in grut himpûndersyk yn Noard-Nederlân. Under oaren oan de Pallaswei, de Orionwei en de Troelstrawei hat de plysje yn totaal fiif loadsen en gebouwen trochsocht.

Oan de Troelstreawei is in hennepkwekerij mei 750 planten oprôle. Oan de Hidalgowei trof de plysje in lytsere kwekerij oan, mei hûndert himpplanten. Ek binne ûnder oaren twa motoaren en twa boaten en in oanhinger yn beslach naam.

Tiisdei die de plysje ek al ynfallen yn Snits, Ljouwert, Dokkum, Surhústerfean en Dronryp. Dêrby binne seis Ljouwerters oanhâlden. De plysje hat doe twa fjoerwapens yn beslach naam en beslach lein op seis huzen en in tal loadsen. Dêryn binne himpkwekerijen en drûgerijen fûn.

It ûndersyk nei de himphannel rint sûnt ein ferline jier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)