Plysje docht nije oanhâldingen yn drugshannel yn NE-Fryslân

24 feb 2016 - 15:45
  • Ketamine

De plysje hat yn in ûndersyk nei de hannel yn soft- en harddrugs yn Noardeast-Fryslân fiif nije oanhâldingen dien. It giet om trije Dokkumers fan 21, 24 en 46 jier âld, in 46-jierrige ynwenner fan Ingwierrum en in 39-jierrige Kollumer. It fiiftal wurdt fertocht fan it besit en ferkeapjen fan drugs, ek oan minderjierrigen.

Yn dit ûndersyk binne ein jannewaris al njoggen arrestaasjes dien. It ûndersyk yn dizze saak gie lykwols troch en dat late ta dizze nije oanhâldingen.

Bedriging

De 24-jierrige fertochte út Dokkum en de 46-jierrige ynwenner fan Ingwierrum mochten nei ferhear it plysjeburo wer ferlitte. Tsjin harren is proses-ferbaal opmakke. De 21- en 46-jierrige Dokkumers, in heit en soan, moasten op it plysjeburo bliuwe. Sy wurde ek fertocht fan bedriging en ôfparsjen. De fertochte út Kollum siet noch yn in proeftiid en bliuwt fêstsitten foar fierder ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)