Plysje: doch de auto op slot

09 sep 2011 - 10:09

De plysje hat tongersdei yn njoggen doarpen yn de gemeentes It Bilt, Ferwerderadiel, Ljouwerteradiel en Menameradiel kontrolearre oft de auto's wol op slot wiene. Dat wie yn it ramt fan 'foarkomme is better as genêze'. Mei-inoar waarden 486 auto's besjoen. Fiifentweintich dêrfan stiene net op slot.

De measte eigners hawwe de plysje op besite hân, dy't har der op wiisd hat dat it fan belang is om de saak wol ôf te sluten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)