Plysje dielt nep-bonnen út

08 mrt 2012 - 22:27

    Aksjefierende plysjeminsken hawwe tongersdeitejûn yn Ljouwert in pear hûndert bekeurings útdield oan fytsers sûnder ljocht, mar it koste de oertreders gjin sint. Yn plak fan in bekeuring krigen de fytsers by de Froupoartsbrêge in spesjale bon, wêr't op stiet dat de plysje aksjefiert foar in bettere cao. Ek waarden der led-ljochtsjes fan Veilig Verkeer Nederland útdield. Plysjeminsken wolle mear lean en minder wurkdruk en bekeure dêrom oertredings dy't gjin gefaar opsmite net mear. It Ryk rûn tongersdei sa'n 9000 euro mis troch de aksjes.

    Wurdfierder Eric Blaauw sei dat dit soart aksjes noch wikenlang trochgean kinne.

    Diel dit berjocht op:
    (advertinsje)
    (advertinsje)