Plysje dielt miljeuboetes út

25 jul 2014 - 15:56
  • Plysje

De plysje hat yn gearwurking mei miljeu-ynstânsjes kontrôles útfierd yn de gemeenten Smellingerlân, Opsterlân en Eaststellingwerf. Yn Koartehimmen waard himpôffal ûndersocht dat fûn wie nei it kappen fan in stik bosk. Der binne gjin oanhâldings dien.

Lâns de Opsterlânske Kompanjonsfeart by Wynjewâld krige in 50-jierrige man út Hoarnstersweach in bon om't er fiske mei libbend aas. In 52-jierrige man fan Haulerwyk krige in boete om't er ôffal ferbrânde. By de Kanadamar by Elslo krigen twa hûnebesitters in bon om't se de hûn net fêst hienen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)