Plysje dielt 20 boeten út by brommerkontrôle yn Ljouwert

29 jan 2016 - 09:05
  • De kontrôlepost op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert

De plysje hat tongersdeitemiddei en -jûn in grutte brommerkontrôle hâlden yn Ljouwert. De kontrôle waard hâlden op ferskate plakken yn de stêd, nei oanlieding fan klachten fan omwenners. Sa'n 50 brommerriders waarden troch motorplysjes nei kontrôleposten brocht. Der binne 20 boeten útdield, de measte foar in te hege snelheid. 

Trije eigeners moatte harren brommer op 'e nij keure litte, foar't se der wer mei op strjitte meie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)