Plysje brûkt wapenstôk tsjin fjochtsjende Ljouwerters

09 maaie 2015 - 09:50

De plysje yn Ljouwert hat yn de nacht fan freed op sneon twa manlju mei de wapenstôk útinoar helje moatten. De twa Ljouwerters fan 21 en 26 jier wiene op it Reigersplein oan it fjochtsjen.

De plysje besocht de fjochtersbazen earst sa te skieden, mar dat slagge net. Dêrom hat de plysje de wapenstôk ynset. Beide manlju krigen in bekeuring.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)