Plysje brûkt pepperspray

10 aug 2007 - 11:21

De plysje hat tongersdeitenacht al it yn- en útgeande ferkear by camping Tot Vrijheidsbezinning yn Appelskea kontrolearre. Op it terrein ha sa'n 300 biste-aktivisten út binnen- en bûtenlân in gearkomste belein.

By de kontrôles die him ek in ynsidint foar. In aksjefierder waard dwers by de kontrôle fan in legitimaasjebewiis. De plysje hat doe pepperspray ynset om in groep fan 15 lulke aksjefierders yn 'e stringen te hâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)