Plysje brûkt pepperspray

22 feb 2004 - 00:00

De plysje hat sneontenacht op De Jouwer pepperspray brûke moatten om fjochtende minsken út inoar te heljen. It opskuor ûntstie doe't de plysje yngripe woe by in rúzje tusken in pear manlju.

Omstanners begûnen har mei it optreden fan de plysje te bemuoien. In ynwenner fan Terkaple (23) sloech en skopte in plysjeman. De man waard oanhâlden, mar dêr bemuoide in 25-jierrige Eagmariper him wer mei. Hy waard ek oanholden. Beide binne opsluten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)