Plysje bringt dronkeman thús

29 apr 2007 - 15:05

De plysje hat sneintemoarn fanôf de Tochmaleane yn Kollum in 18-jierrige Kollumer thúsbrocht nei't er op strjitte net goed wurden wie. De man wie ûnder ynfloed fan alkohol.

Ambulânsepersoniel hat de man soerstof jûn wêrtroch er wer bykaam. De man krige in proses-ferbaal foar iepenbiere dronkenskip en is troch de plysjemannen oan syn âlden oerdroegen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)