Plysje bringt besite oan Ljouwerters om jild te barren

18 maaie 2015 - 21:09
  • Jild

De plysje hat moandei by de wennings fan trije Ljouwerters delwest om jild te barren. In 24-jierrige man út de Wylgestrjitte betelle 421 euro en foarkaam dêrmei sân dagen sel.

In 27-jierrige man út de Dinnestrjitte betelle in boete fan 145 euro en koe dêrmei twa dagen sel foarkomme. In 37-jierrige man út de Sleedoarnstrjitte betelle syn boete fan 145 euro lykwols net en is dêrom oanholden foar twa dagen sel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)