Plysje bliid mei útspraak

05 mrt 2010 - 20:55

De plysje is bliid dat de rjochtbank yn Ljouwert geweld tsjin plysjeminsken hurd oanpakt. Freed waard in 33-jierrige Harnzer feroardiele ta trije jier sel wêrfan in heal jier op betingst omdat er in plysjefrou yn Ljouwert swier mishannele hat.

De aginte waard troch de man yn it gesicht slein. Se rekke dêrtroch út de tiid en kaam hurd op de dyk telâne. Neffens de rjochtbank is poging ta deaslach net bewiisd, swiere mishanneling wol.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)