Plysje betrapet twa jonge fytsedieven yn Ljouwert

02 apr 2015 - 10:44
  • Oanhâlding

Twa jonges fan 16 jier út Ljouwert binne woansdeitemiddei oppakt foar fytsestellerij. Plysjeminsken hawwe it duo betrape yn de Goudenregenstrjitte yn Ljouwert. De jonges rûnen oer strjitte mei twa fytsen. Se rûnen mei it achtertsjil fan de fytsen omheech, omdat de fytsen noch op slot sieten. De jonges koenen net útlizze wat se mei de fytsen woenen. Ek hie ien fan de twa in slyptol yn de tas.

De fytsen binne yn beslach naam, de jonges sitte fêst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)