Plysje betrapet nep-kollega

07 mrt 2001 - 00:00

De plysje hat yn Wolvegea in nep-kollega betrape. In plysjeman yn boarger waard oanholden troch in man op in scooter dy't him fertelde dat er mei syn auto hast in oanriding feroarsake hie. De man die him foar as plysje.

De plysje yn boarger wist fan neat, mar seach dat it om in nep-plysje gie. Doe't dy syn kenteken opskreau, makke er dúdlik dat syn nep-kollega ophâlde moast.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)