Plysje betrapet Ljouwerter 22 kear op riden sûnder rydbewiis

07 mrt 2016 - 12:18
  • Nachtrider

In 43-jierrige automobilist út Ljouwert is ôfrûne freed foar de 22e kear oppakt om't er sûnder rydbewiis achter it stjoer siet. De man waard dit kear oan de kant setten op de Bleekhof yn syn wenplak.

Hy koe syn auto op 'e nij ynleverje en hat proses-ferbaal krigen. De earste kear dat er foar dit fergryp pakt waard, wie yn 1993.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)