Plysje betrapet fiskstreuper

12 okt 2007 - 14:49

It fiskstreuperijteam Fryslân hat tongersdei njoggen fiskfûken yn beslach naam. De fûken wiene útset yn de Scheene yn De Stellingwerven. De fertochte hat de plysje witte litten dat hy net wist dat de fûken sûnder ûntsnappingsringen ferbean wiene.

Der is prosesferbaal opmakke tsjin de fertochte foar it net hawwen fan de goeie fiskpapieren en it pleatsen fan fûken dy't net oan de easken foldogge.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)