Plysje betrapet dief Boalsert

04 sep 2014 - 10:10

Op de Ugoleane yn Boalsert hat de plysje tongersdeitemoarn in dief betrape. De man ried mei in iepen kofferbak fol guod, dat nei alle gedachten stellen is. Doe't de plysje de man oansprekke woe, naaide er rinnend út. Op basis fan it kenteken die bliken dat de auto fan in 31-jierrige man út Boalsert is.

Auto en guod binne yn beslach nommen. De plysje hat ek it hûs fan de Boalserter ûndersocht, mar de fertochte is noch net fûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)