Plysje bekeurt kitesurfers

15 maaie 2014 - 12:04

De plysje hat de ôfrûne moanne 22 prosessen-ferbaal útdield by kontrôles yn natuergebieten lâns de Iselmar. Benammen kitesurfers, surfers en snelle boatsjeminsken binne bekeurd om't se yn de ferbeane natuergebieten wiene. Dêrneist binne fiskers beboete om't se mei ferskate angels oan it fiskjen wiene.

Mei de kontrôles wolle de plysje en ferskate oare organisaasjes de natuergebieten better beskermje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)