Plysje is begûn mei aksjes

05 mrt 2012 - 12:46
  • Plysjemotor

De plysje is moandei om tolve oere oan de earste aksjes begûn foar in bettere CAO. De bûnen hiene minister Opstelten fan Feiligens en Justysje in ultimatum oplein om op syn lêst moandei tolve oere middeis mei in goed bod te kommen. Dat is útbleaun en dat betsjut aksje.

De bûnen easkje 3 persint mear lean en in goeie oergongsregeling foar de pensjoenen. De korpsen Utrecht, Flevolân en Gooi- en Vechtstreek begjinne as earste regio's mei aksjes. Plysjes skriuwe dêr gjin bonnen út foar lichte oertrêdings, sa as fytse sûnder ferljochting.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)