Plysje bart jild yn

11 feb 2009 - 10:37

De plysje Fryslân hat moandei yn Ljouwert in eksekúsje-aksje hâlden. Minsken dy't noch in straf útsitte moatte of noch in boete betelje moatte, wurde thús opsocht. Dizze kear waarden 84 adressen besocht en waard der in lytse 4000 euro oan iepensteande boetes ophelle.

Der waarden ek twa auto's bûten gebrûk steld, omdat de eigners de ferkearsboetes net betelje koene. In Ljouwerter waard oanhâlden, omdat er DNA ôfstean moast.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)