Plysje-auto yn Hurdegaryp fernield troch swier fjoerwurk

10 nov 2014 - 10:12

In auto fan it Ferkears Ungelokken Analyse-team fan de plysje is sneintejûn troch swier fjoerwurk fernield. De auto stie op in oprit by in wenning fan in plysjemeiwurker oan de Kobbeflecht yn Hurdegaryp. Krekt foar middernacht hearde de man in hurde knal. It fjoerwurk fernielde de foarrút en in part fan de motorkap.

De plysje krige krekt foar de ûntploffing noch in melding fan fjoerwurkoerlêst yn de buert. Om de dieders te finen, begjint de plysje mei in buertûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)