Plysje-auto te wetter yn Stiens

06 okt 2004 - 09:51

Yn Stiens is tiisdeitemoarn in auto fan de plysje yn it wetter bedarre. Twa aginten krigen in melding fan in ûngemak en joegen op 'e krusing nei Sint Anne ekstra gas. Dat betearde ferkeard; de auto waard lânsearre troch in ferkearsheuvel en skeat tusken twa stopljochten troch it wetter yn.

Omstanners seagen de twa plysjes letter op it dak fan 'e auto. Meiwurkers fan 'e gemeente hawwe it duo mei in boatsje droech nei de wâl brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)