Plysje-auto skansearre troch swier fjoerwurk

06 feb 2015 - 10:19

In plysje-auto fan de plysje fan It Hearrenfean hat freed skea oprûn troch swier fjoerwurk. It fjoerwurk is ôfstutsen op it parkeardek oan de achterkant fan it plysjeburo. De plysjeminsken hearden in lûde knal. Doe't se bûten kamen, seagen se de skansearre auto. Ek leine der resten fan it fjoerwurk. Wa't it ôfstutsen hat, is net bekend. De plysje siket tsjûgen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)