Plysje-auto Hearrenfean fernield

02 maaie 2005 - 17:00

In 19-jierrige ynwenner fan Jobbegea is sneontejûn oanhâlden troch de plysje op fertinking fan fernieling. De plysje wie nei in melding fan in fjochtpartij nei de Vleesmarkt gien. Dêr wie it earst rêstich.

Krekt doe't de plysje wer fuortgean woe, raamde de fertochte in winkelweintsje mei dêryn in maat, tsjin de plysje-auto. De auto rûn dêrtroch in dûk en in stikkene grill op. De fertochte hat ek plysjes misledige.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)