Plysje arresteart fytsedief

03 des 2012 - 10:33
  • (foto-ympresje)

Plysjeminsken seagen sneintejûn op de Snitser Blomstrjitte in Snitser (39) rinnen mei in ôfsletten fyts. De plysje wie earder al warskôge dat de man wol in hiel soad belangstelling hie foar de fytsen yn de buert.

De fyts dy't de man by him hie is frijwol wis troch him stellen. De man is dêrom oanhâlden. De plysje ûndersiket de saak en wol graach witte fan wa't de stellen fyts is. It giet om in Gazelle Gelria frouljusfyts.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)