Plysje achterfolget motor

30 maaie 2014 - 11:13
  •  Plysjemotor

De plysje hat freedtemoarn yn Aldemardum in motor yn beslach naam dy't betiid op de dei stellen waard yn Balk. De eigener (21) waard moarns wekker doe't syn motor start waard. Hy koe noch krekt sjen hoe't de dief mei syn motor útnaaide en warskôge de plysje. Dy kaam de dief yn Balk tsjin, mar slagge der net yn him oan te hâlden, om't de man mei hege snelheid en gefaarlike maneuvels wist te ûntkommen.

De motor waard lang om let weromfûn yn in stik greide by Aldemardum. De plysje wyt wa't de motor stellen hat. De eigener hat oanjefte dien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)