Plusfood kin earst net wurkje

05 nov 2007 - 10:41
  • lytse, mar fûle brân by Plusfood yn Easterwâlde
  • it bedriuw kin troch de brân foarearst net produsearje

Troch in brân yn it tsjettelhûs by PlusFood BV yn Easterwâlde stiet de produksje de kommende dagen stil. Moandeitemoarn bruts der in lytse brân út. De brânwacht hie it fjoer gau ûnder kontrôle.

De tsjettels binne ûnmisber foar de produksje fan hin- en kalkoensnacks. Dêrtroch rint de skea yn de tonnen. By it bedriuw wurkje 250 minsken. Plusfood is fral bekend as produsint fan beferzen produkten fan Friki-kip.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)