Plûm foar Wommels

23 okt 2006 - 17:54

Minister Agnes van Ardenne fan Untwikkelingsgearwurking hat Wommels moandei yn it sintsje setten. Se kaam nei it doarp ta, omdat dat nei de tsunami yn de Krystdagen fan 2004 it royaalste doarp fan Nederlân wie.

De 2000 ynwenners hellen mei inoar 30.000 euro op. Mei ûnder mear boargemaster Liemburg en Wout Zijlstra, dy't meidie oan de biljertmaraton foar de slachtoffers, seach Van Ardenne moandei werom.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)