Plomfee mei inte tsjin fûgelgryp

23 feb 2006 - 09:28

Hobbyboeren meie har plomfee ynintsje litte tsjin de fûgelgryp. Nederlân hat dêrfoar tastimming krigen fan de Europeeske Uny. Nederlân en Frankryk binne de earste lannen yn de EU dy't plomfee previntyf ynentsje lit tsjin it oprukkende firus. Neffens minister Veerman fan lânbou kin it intsjen in alternatyf wêze foar it ophokken en ôfskermjen fan plomfee.

It intsjen is net fergees en kostet gemiddeld sa'n 100 oant 150 euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)