Plom foar Oranjewâld

21 mrt 2007 - 17:18
  • Park Oranjewâld kin him mjitte mei de bêsten yn Europa

It Museumpark Landgoed Oranjewâld hat in earfolle fermelding krigen by de útrikking fan de Europa Nostra Awards 2006. Dat hat behearder Staatsbosbeheer bekendmakke.

De prizen binne ynsteld troch de Europeeske mienskip, foar it behâld en ûntjouwing fan it kultuerhistoarysk erfguod. It lângoed is de lêste jierren wer yn âlde steat hersteld. Boppedat is museum Belvédère der yn kaam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)