Plofkreak wer op tillevyzje

22 jul 2014 - 14:41

It tv-programma Opsporing Verzocht besteget tiisdeitejûn opnij oandacht oan de plofkreak op in jildautomaat op De Jouwer. De plofkreak wie op 3 juny dit jier. By de achterfolging fan de dieders raamde ien fan de plysje-auto's in flechtauto en waard der troch de plysje sketten. Dochs wisten de fertochten te ûntkommen.

By de jildautomaat bleau in ljochtblauwe Toyota Hi-Lux pickup achter. Dy jûns waard in oare flechtauto fûn yn Reahel. Beide auto's wienen stellen. De plysje wol noch altyd graach witte wa't dizze auto's foar de kreak sjoen hat.

De plysje giet út fan trije fertochten, mooglik binne sy by de achterfolging ferwûne rekke. Yn Rotstergeast binne letter twa manlju sjoen, dy't op de Snakkebuorren besochten in lift te krijen. De plysje wol graach witte wa't dit wiene.

Opsporing Verzocht is jûn om 21.30 oere op Nederlân 1.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)