Ploegen Eneco Tour presintearje harren op wetter Boalsert

16 jul 2015 - 19:26

Foar de start fan de hurdfytswedstriid Eneco Tour op 10 augustus yn Boalsert sille de ploegen harren presintearje op it wetter. Lykas dat ek barde by de start fan de Tour de France yn Utert. Dêr farden de ploegen op boatsjes troch de Utertske grêften. Joop Atsma, belutsen by de organisaasje fan de Eneco Tour, lit op de site wielerflits.nl witte dat de hurdfytsers ek yn Boalsert oer it wetter farre sille om harren oan it publyk sjen te litten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)