Ploege-efterfolging yn Calgary sûnder Sven Kramer

12 nov 2015 - 22:45

Sven Kramer rydt takom wykein net mei yn 'e ploege-efterfolging. Dat makke bûnscoach Geert Kuiper tongersdei bekend. Freed, sneon en snein wurdt yn it Kanadeeske Calgary de wrâldbeker ferriden.

By de ploege-efterfolging fan de manlju fersoarget Douwe de Vries de Fryske ynbring. Hy rydt mei Jan Blokhuijsen en Wouter olde Heuvel. Arjan Stroetinga en Jorrit Bergsma binne troch Kuiper útkeazen om Nederlân te ferstjintwurdigjen by de massastart.

By de froulju komme Marrit Leenstra, Antoinette de Jong en Marije Joling yn aksje op de ploege-efterfolging. Margot Boer rydt mei op de team sprint.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)