Ploeg: minder provinsjale regels

25 maaie 2005 - 15:44

By de provinsje moatte minder regels komme. Dat seit deputearre Jan Ploeg. Om dat te berikken soene ynstellings en persoanen gjin provinsjale subsydzjes mear oanfreegje kinne moatte fan ûnder de 5.000 euro.

Ek soene de betingsten by it oanfreegjen fan subsydzjes fersoepele wurde moatte. De provinsje hat yntusken al ûndersocht hokker feroarderings en regels ferdwine kinne. 25 persint fan de amtlike regels moat ferdwine.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)