Ploeg kandidaat Bovag-foarsitter

25 okt 2006 - 10:32

Deputearre Jan Ploeg is foardroegen as nije foarsitter fan de Bovag, de branzje-organisaasje foar ûndernimmers yn ûnder oare de autosektor. De 57-jierrige Ploeg hat in soad ûnderfining yn de autowrâld.

Sa hat er direkteur west by in grutte autodealer yn Drachten. Op it stuit is Ploeg presidint fan de Europeeske dealerorganisaasje fan VW/Audi. Jan Ploeg komt nei de steateferkiezings yn 2007 net werom as deputearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)