Plezierfeart leveret miljoen liter smoarch wetter yn

18 nov 2015 - 11:14

Der is yn de simmer fan 2015 hast in miljoen liter smoarch wetter fan de plezierfeart yn it Fryske Marregebiet ynsammele. Dat fersmoarge wetter wie oars yn de marren en sleatten telâne kaam. It wetter is ynsammele fia smoarchwetterpunten yn de havens en de smoarchwetterboat fan de provinsje. It measte wetter is ynsammele yn Akkrum.

De inisjatyfnimmers binne optein oer de opbringst en wolle yn 2016 noch mear smoarch wetter ynsammelje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)