Plestik winne út ôffalwetter

27 jan 2014 - 14:50
  • De bioplestik-proefopstelling yn Ljouwert
  • Sa wurdt bioplestik makke

De bou fan in nije bioplestik-fabryk moat yn de takomst tsientallen banen opsmite. Dat waard moandei dúdlik by de offisjele yn gebrûk name fan de proefynstallaasje op it terrein fan it Wetterskip Fryslân. By dy ynstallaasje wurdt besocht grûnstoffen foar bioplestik út smoarch wetter te heljen. Trije Sweedske ûndersikers binne hjir al moannen mei dwaande.

De wittenskippers soargje foar in gemyske reaksje en sa meitsje baktearjes yn it smoarge wetter grûnstoffen foar plestik. Om dan fan de grûnstoffen plestik te meitsjen is in fabryk nedich.

It fabryk moat yn elts gefal yn Fryslân komme en soe tsientallen banen opsmite kinne. Wetterskip Fryslân is goed te sprekken oer de proef, want ek foar it Wetterskip hat de proef foardielen. Troch de Sweedske behanneling wurdt it wetter goed skjin. De plestikproduksje kin jild opsmite, in skjinner miljeu en - op termyn - mooglik ek legere wetterskiplesten.

It bedriuw KNN yn Grins wol takom jier op it Hearrenfean útein sette mei de bou fan sa'n fabryk foar de fabrikaasje fan biopolymearen. It fabryk ferget in ynvestearring fan tsientallen miljoenen euro's en sil yn earste ynstânsje wurk biede oan sa'n tsien minsken. Biopolymearen binne in ôfbrekbere foarm fan plestik en wurdt wûn út it slib fan wettersveringsynstallaasjes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)