Pleit oer deiboek mem Vaatstra

11 des 2013 - 13:29
  • Marianne Vaatstra

De rjochtbank yn Haarlem docht nije wike woansdei útspraak yn de saak fan it deiboek fan de mem van Marianne Vaatstra. Mem Maaike hat woansdei fia in koart pleit besocht foar te kommen dat har deiboek troch publisist Wim Dankbaar publisearre wurdt. Ut dat deiboek soe dúdlik wurde dat de werklike moardners fan Marianne Vaatstra jierrenlang troch justysje beskerme binne. De famylje Vaatstra hat lykwols oanjûn dat de saak mei de feroardieling fan Jasper S. foar harren dien is, en dat se rêst wolle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)