Pleit oer deiboek mem Vaatstra

06 nov 2013 - 12:44
  • Marianne Vaatstra

De mem fan Marianne Vaatstra spant in koart pleit oan tsjin de man dy't har deiboek publisearje wol. Se skreau yn it deiboek yn de perioade nei de moard op har dochter en wol net dat dy teksten nei bûten brocht wurde. Neffens har advokaat Yehudi Moszkowicz giet it om hiel persoanlike tinzen dy't op papier set binne yn in hiel roerige perioade út har libben. Se hat it deiboek oait yn fertrouwen oan ien jûn en fia dy persoan is it yn hannen kommen fan Wim Dankbaar dy't it publisearje wol. Dankbaar leaut net dat Jasper S. de dieder is.

Neffens Dankbaar hat de oerheid de werklike moardner fan Marianne Vaatstra nei de moard gau nei it bûtenlân brocht om in folle grutter skandaal te bedekken. As er syn plan trochset om it deiboek te publisearjen, folget in koart pleit. Dat sil de advokaat nei alle gedachten woansdei of tongersdei oanfreegje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)