Pleit foar stimkompjûters

26 mrt 2014 - 12:01
  • Stimbiljet

Boargemasters troch hiel Nederlân wolle graach de stimkompjûter wer werom. Gemeentes kinne dan earder in útslach presintearje en boppedat is de kâns op telflaters dan in stik lytser. Boargemaster Tom van Mourik fan de gemeente Menameradiel is ien fan dy foarstanners fan de stimkompjûter. Yn Menameradiel binne de stimmen fan in pear stimburo's freed oerteld, omdat it tal stimbiljetten en it tal útbrochte stimmen net goed mei-inoar kloppe. Mei de stimkompjûter is de kâns op sokke komplikaasjes in stik lytser.

Ek boargemaster Tjeerd van Bekkum fan Smellingerlân is foar de stimkompjûter. Van Bekkum moast ferline wike woansdei de foarriedige útslach fan syn gemeente korrizjearre. Dêrby fersprong in sit fan de SP nei GrienLinks. Mei de stimkompjûter wie dat nei alle gedachten net bard.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)