Pleit foar Fryske krimpregio

05 nov 2014 - 06:17

Seis gemeenten yn it noardeasten fan Fryslân besykje de Twadde Keamer woansdei te oertsjûgjen dat se as krimpregio oanwiisd wurde moatte. Mei dat offisjele predikaat hat de regio mear mooglikheden om mei dy krimp om te gean. Net om dy te kearen, want dy lit him net keare, sa klonk it tiisdeitemiddei by de parsepresintaasje fan de plannen.

Woansdeitemoarn gie der al moarns betiid in bus fol boargemasters en wethâlders rjochting Den Haach, om dêr te pleitsjen foar harren plan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)