Pleit foar behâld part UTD

16 apr 2004 - 00:00

De histoaryske klup Langs Friesche Fabrieken wol net ha dat de âlde wite silo fan UTD út 1922 sloopt wurdt. Se fine it Akkrumer bouwurk sa bysûnder dat se it bewarje wolle as yndustriëel monumint. Oft dit slagget is noch mar de fraach, want dizze wike is yn Akkrum al begûn mei de sloop fan it kompleks.

Freed is it lêste diel fan 'e hege grize UTD-silo delhelle. Troch de sloop fan dizze silo is de âlde wite silo fan 1922 wer foar it ljocht kommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)